United States or Malta ? Vote for the TOP Country of the Week !
Friesch. De klokken fen Sint-Odolf. It forneamde Kleaster Sint-Odolf te Starum, dat în 'e earste helte fen 'e 9e ieuw bouwd wier, waerd letter troch de sé înslokt. By in tîge lege sé în 1430 en in kear of whet letter, koe min de oerbljuwsels van de Kleasterkapel op it hege tsjerkhôf sjen.
Dit plak în 'e Sudersé wirdt troch de séljue nog altijd as "it tsjerkhôf fen Ald-Starum" oanwîsd en hja komme as 't kin, der net tichte bij. Bij it bouwen oan it Kleaster Sint-Odolf, wier forgetten de ségen oer de klokken üt te sprekken; mar dat hie în 't bigjin gjin neidélige gefolgen. Hondert jier lang gong it goed.
Woord Van De Dag